Ynbrekker betrape yn Ljouwert

22 jun 2006 - 10:35

In bewenner fan de Ljouwerter Diepenbrockstrjitte hat in ynbrekker yn in sliepkeamer op de die betrape. De ynbrekker hie in rút stikken makke om deryn te kommen. De bewenner waard wekker fan it gerommel en gie op ûndersyk út.

Doe't er de ynbrekker rinnen seach, belle er de plysje. De 35-jierrige ynbrekker is oerbrocht nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)