Offal yn 'e brân yn Ljouwert

22 jun 2006 - 10:34
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemoarn om 04.00 oere holpen by it útmeitsjen fan in brân yn it sintrum fan de Fryske haadstêd. Unbekenden hiene in bulte ôffal yn de brân stutsen yn de Monnikkemuorrestrjitte.

De bulte leit tsjin in gevel oan. De brân feroarsake skea oan in dakgoat en oan de binnenkant fan it hûs. Ek in parkearde auto hie skea oprûn troch de brân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)