Stefan Postma wint 5000 m
Hurdrinner Stefan Postma út De Blesse is woansdeitejûn earste wurden by de 23e Munnikenslagloop yn it Drintse Rouveen. Dat is in wedstryd oer 5 km.
Postma sette in tiid del fan 16 minuten en 37 sekonden. Twadde waard Klaas Brakke út Staphorst op 10 sekonden en it tredde plak wie foar Jonoah Bovenhuis út Dronten op 21 sekonden.