Utslaggen FK Jeu de Pelote

© Omrop Fryslân
Op de tredde dei fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens waard woansdei de lêste foarrondewedstryd ferkeatst. It team fan Wurdum-Wytgaard wûn mei 8-4 fan Itens.
Fierder waard der in begjin makke mei de earste omloop. Yn de earste partij dêrfan wie Weidum fierste sterk foar Raard/Poppenwier. It waard 8-2. Tongersdei binne der wer twa wedstriden yn Easterlittens.