Lesten omheech yn T'steradiel
De lesten yn de gemeente Tytsjerk- steradiel gean foar de ynwenners mei yn trochsneed 14 euro omheech, krapoan trije persint. De lesteferheging is ien fan de manieren foar de gemeente om jild te krijen foar saken as it stimulearjen fan de wurkgelegenens en de Wet Maatskappelijke Ondersteuning.
Tytjerksteradiel sparret fierders jild út troch besunigings. De gemeente is al al jierren ien fan 'e goedkeapste wengemeenten fan Nederlân.