Earste otters útset yn Fryslân
Yn natuergebiet de Rottige Meenthe wurde foarearst net mear as twa otters útset. As alles goed giet, wurde moandei twa wyfkes yn it wyld útset. De bisten wurde mei in fleantúch út Siberië wei nei Nederlân ta ferfierd.
It is foar it earst dat yn Fryslân otters útset wurde. Oant no ta waard dat foaral dien yn de Weerribben yn Oerisel.