De Vries twadde op NK tiidriden
Hurdfytser Jurjen de Vries fan De Lemmer is tiisdei, yn de kategory nijelingen, twadde wurden op de Nederlânske kampioenskippen tiidriden yn Oudenbosch. De titel wie foar Barry Markus fan Hoofddorp. Nei 17,3 kilometer wie it ferskil tusken goud en sulver mar in heale sekonde.
Rune van der Meijden fan Delfgauw waard tredde.