Utspraak yn saak-selsmoardhelp

© Omrop Fryslân
In 43-jierrige man út Drachten is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta seis moanne selstraf ûnder betinkst foar help by selsdeading. De man hat neffens de rjochtbank in te aktive rol spile doe't syn freondinne har yn july ferline jier tekoart die. Sa hie de man de frou holpen oan jild foar in pistoal.
Neffens de rjochtbak hie de man besykje moatten help te sykjen.