Foarstelling Titanic útferkocht

© Omrop Fryslân
Alle 4000 kaarten foar de iepenloft-foarstelling Titanic yn Drachten binne útferkocht. It teaterstik wurdt op 27 en 28 juny twa kear opfierd. Op dizze dagen docht it wettersportevenemint Friesland Vaart Drachten oan. It stik Titanic wurdt troch in Dútske teaterploech opfierd.
Smellingerlân hat fergees kaarten foar de foarstelling fuortjoen. De gemeente wol him yn de takomst mear profileare as wettersportplak.