Sierd Steigenga wint ek Nijeveen

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga fan Eksmoarre wie moandeitejûn nei 80 kilometer wer ris fierwei de bêste. Mei oermacht wûn hy it kritearium fan Nijeveen. Yn de einsprint fan in kopgroep fan fiif man kaam hy as earste oer de einstreek.
Marcel Alma fan Harskamp waard op in pear fytslingtes twadde, Ivor Bruin fan Andijk tredde. It wie al wer de njoggende oerwinning fan Steigenga dit seizoen.