Plysje op wetterscooter

© Omrop Fryslân
Plysjes ynspektearje de Fryske wetters en de Iselmarkust dizze simmer op wetterscooters. It giet foarearst om in proef. De scooters meitsje it mooglik om ek yn ûndjip wetter oeral by te kinnen. Dêr soargje benammen kitesurfers en speedboaten de lêste jierren foar in soad oerlêst.
As de proef súksesfol is, wurdt de wetterscooter definityf opnommen yn it farrend materieel fan de Fryske wetterplysje.