Agressive advertinsjeferkeap

© Omrop Fryslân
De Keamer van Keaphannel yn Fryslân warskôget foar advertinsjes fan Werkman Reklamebemiddeling en Advies út Grins. It buro stjoert bedriuwen in faks mei derop in oanbieding foar in advertinsje op de webside www.gemeenteregister.nl. Dêrnei wurde de eigners op in agressive wize benadere en mei klam frege om sa gau mooglik te tekenjen.
De Keamer fan Keaphannel krijt wol faker klachten oer sokke taktiken.