Brêgen en slûzen langer iepen
Fan 2011 ôf kinne boatsjeminsken oerdeis faker en langer gebrûk meitsje fan de brêgen en slûzen yn de provinsje. De Marrekrite hat oerienstemming berikt mei de gemeenten om de plannen fierder út te wurkjen. By de gemeenten wie dêr in soad wjerstân tsjin.
It ferromjen fan de iepeningstiden kostet ekstra jild. Der wurdt no ûndersocht hoe't soks betelle wurde moat.