Ferûngelokke motorrider stoarn

© Omrop Fryslân
De 31-jierrige motorrider fan Sint Nyk dy't Pinkstermoandei in slim ûngelok krige by de Hommerts, is ferstoarn. De Sint Nykster die mei oan de Alvestêdetocht op de motor. It ûngelok barde doe't de man trije auto's ynhelje soe, mar ien derfan ôfsloech.
De man waard mei slimme ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht. Ofrûne freed is er stoarn.