Help foar Doniastate

19 jun 2006 - 18:29

Soarchbuorkerij Doniastate yn Spannum wurdt mooglik holpen troch âlden fan klienten. Trije wike lyn binne by in brân alle foertugen ferlern gien. Benammen de twaspan-motor wie altiten tige populêr. Doniastate hat gjin jild om it guod gau te ferfangen. De rêding liket lykwols tichtby no't inkele âlden besletten ha om jild yn te sammeljen. Neist auto's en motors wie der ek ark ferlern gien. Dat fergoedet de fersekering wierskynlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)