Undersyk nei nije enerzjy

19 jun 2006 - 17:39

It bedriuw Landustrie fan Snits hat mei oare bedriuwen subsydzje krigen foar ûndersyk nei in nije manier fan enerzjy-opwekking. De bedriuwen binne dwaande om fan sâlt en swiet wetter enerzjy te meitsjen.

Dy nije manier fan stroom meitsjen kin benammen op plakken dêr't swiet wetter it sâlte wetter fan de see tsjinkomt. De nije bron wurdt ek wol Blue Energy neamd. It ûndersyksynstitút Wetsus is ek dwaande mei ûndersyk op dit mêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)