Soarch oer rampeplan

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Koatstertille meitsje har soargen oer mooglike kalamiteiten op it Prinses Margrietkanaal. Troch de opwurdearring fan it kanaal komme yn de takomst triuwbakken lâns mei gefaarlike stoffen.
Pleatslik Belang wol no it rampeplan ynsjen. It wol ûnder oare witte wat de gemeente docht by in ramp. Der is mar ien ûntslutingsdyk foar it hiele doarp en Pleatslik Belang freget him ôf oft dat wol genôch is.