Strop foar nije Teatskehûs

© Omrop Fryslân
De nijbou fan it Teatskehûs yn Blauhûs falt mooglik 1,8 miljoen euro djoerder út. It hjoeddeiske Teatskehûs wurdt sloopt om plak te meitsjen foar in soarchsintrum mei 25 plakken en 18 oanleunwenten.
Knipepunt yn de finansiering is de boekwearde fan it âlde gebou: 1,8 miljoen. Neffens de Wet Toelating Zorginstellingen mei dat bedrach gjin ûnderdiel wêze fan de ynvestearring en dus ek net fergoede wurde.