Oerol wol fêst kultureel sintrum

19 jun 2006 - 14:11

It Oerolfestival wol de eardere diskoteek Dellewal yn Skylge-West slope en dêr in permanint kultureel sintrum opsette. Dat hat artistyk lieder Joop Mulder snein sein.

De diskoteek is kocht troch de gemeente en hat noch gjin bestimming. It moat in plak wurde foar kultuer en natuer. Der moatte studio's en in bioskoop ynkomme, sa seit Mulder. De organisaasje is dwaande fûnsen te finen foar de finansiering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)