Pieter Weening wer nei de Tour

19 jun 2006 - 11:52
Foto: Omrop Fryslân

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht ek dit jier mei oan de Tour de France. Snein waard de ploech bekend makke. Njonken Weening binne de oare Nederlanners Erik Dekker, Michael Boogerd, Thomas Dekker en Joost Posthuma.

De bûtenlânske ynbring yn de ploech fan de Rabobank komt fan de Rus Denis Mentsjov, de Spanjaarden Oscar Freire en Juan Antonio Flecha en de Deen Michael Rasmussen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)