Partoer Faber wint yn Sint Jabik

© Omrop Fryslân
De frije formaasje keatspartij yn Sint Jabik is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Geert Faber en de bruorren Jacob en Chris Wassenaar. Sy wûnen yn in iensidige finale op 5-0 en 6-0 fan it partoer Sibbele Lootsma, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.
De lytse preemje wie foar it partoer fan Klaas Berkepas, Jan Willem van Beem en Auke van der Graaf.