FK tennis yn Ljouwert

19 jun 2006 - 09:38

Op it Frysk kampioenskip tennis snein yn Ljouwert is by de froulju de 17-jierrige Mariëtte Leeuwerke út Harns kampioen wurden. Sy wûn de finale yn twa sets 6-2 en 6-2 fan Wiesje Verf út Snits.

By de manlju hat Joost Willekes syn titel prolongearre. De 26-jierrige Hurdegarypster wûn yn trije sets fan de 17-jierrige Stephan Bodde út Dokkum. De setstannen wiene 2-6, 6-3 en 6-4.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)