Soza wint '8 fan Drachten'

© Omrop Fryslân
De hurdrinwedstriid '8 fan Drachten' is snein wûn troch Charles Soza út Zimbabwe. Hy rûn de acht kilometer tusken Beetstersweach en it sintrum fan Drachten yn in tiid fan 23 minuten en 58 sekonden. Dat wie in nij parkoersrekord.
By de froulju wie Mariska Kramer-Postma de rapste. Mariska rûn ek in nij rekord: 28 minuten en 37 sekonden. Stefanie Bouma fan Drachten waard twadde op 42 tellen.