De Skâns wol oprûmje

© Omrop Fryslân
Sporthal en kultureel sintrum de Skâns op De Gordyk is op syk nei de eigners fan sportskuon en kleanstikken dy't besikers it ôfrûne seizoen ferjitten binne mei nei hûs te nimmen.
De kast mei 'gevonden voorwerpen' moat leech. Eigners kinne har oant 14 july melde by de Skâns. Alles wat dêrnei noch yn de kast mei fûne kleanstikken leit, wurdt nei de kringloopwinkel brocht.