Frou mei auto oer de kop

© Omrop Fryslân
Op de A6 by Eastersee is freedtemiddei in frou mei har auto oer de kop slein. De 26-jierrige ynwenster fan Den Haach kaam troch ûnbekende oarsaak mei har tsjillen yn de bjirm.
Se ferlear dêrby de macht oer it stjoer en kaam oan de oare kant fan de dyk yn de bjirm telâne. Dêr sloech de auto in pear kear oer de kop. De frou is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.