Plysje siket dief De Gordyk

© Omrop Fryslân
De plysje stelt in ûndersyk yn nei in winkeldief dy't sneontemiddei op De Gordyk in plasmatelevyzje stellen hat. De dief rûn mei de televyzje ûnder de earm de winkel oan de Skoallestrjitte út.
De bedriuwslieder seach dat en gie efter him oan. De dief stapte yn de auto en ried dêrnei de bedriuwslieder hast fan de sokken. It giet om in man fan 25 jier, is 1,80 lang en hat koart stikelich hier.