Ferwûne by oanriding Aldeholtpea

18 jun 2006 - 14:56
Foto: Omrop Fryslân

In 48-jierrige man fan De Gordyk is freed ferwûne rekke by in oanriding op de Vinkevaartwei yn Aldeholtpea. De man fytste mei twa oaren op in racefyts, doe't er oanriden waard troch in trekker.

De fytsers hiene foarrang ferliene moatten. De ynwenner fan De Gordyk is mei de ambulânse oerbrocht nei sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)