Pardon-manifestaasje Wytmarsum

18 jun 2006 - 13:32

De earste manifestaasje fan de lanlike kampanje 'Aftellen tot het Pardon' yn Wytmarsum luts sneontemiddei noch net hiel folle besikers. De byienkomst by de needopfang soe earst al yn maaie plakfine, mar in tal wichtige publykslûkers sei doe ôf.

De kampanje 'Aftellen tot het pardon' wol omtinken freegje foar de groep asylsikers dy't ûnder de âlde frjemdlingewet falt en noch gjin dúdlikheid hat oer de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)