Partoer Buma wint yn Snits
De froulju haadklassers keatsten sneontemiddei yn Snits in frije formaasjepartij. Yn in spannende finale wûn it partoer fan Géjanna Buma, Debora Oosterman en Afke Hylkema op 5-5 en 6-6 fan Marie Heida, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.
De lytse preemje wie foar it partoer fan Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken.