Wylde efterfolging troch plysje

© Omrop Fryslân
Nei in wylde efterfolging hat de plysje sneontemoarn betiid in jonge fan 16 út Aldegea Smellingerlân oanholden. Hy ried yn in auto wêrfan de ljochten it net goed diene. Doe't de plysje him riden seach by Earnewâld, giene se achter him oan.
De jonge naaide mei hege snelheid út. Nei in skoftsje gong er sa hurd, dat er op twa tsjillen troch de bocht gong. Uteinlik kaam er op de Koaidyk tsjin in reklameboerd ta stilstân.