Ljouwerter (25) mishannele
In 25-jierrige man út Ljouwert is sneontemoarn betiid slim mishannele op de Arendstún yn syn wenplak. Hy is mei ferwûnings oan de holle en it skouder opnaam yn sikehûs MCL.
De man soe tegearre mei twa freonen fjochterij hân ha mei twa jonges fan bûtenlânske komôf. Ek ien fan dy beide freonen rekke ferwûne. De plysje hat de saak yn ûndersyk.