MCL-pasjinten sjogge ek nei WK

© Omrop Fryslân
Net it lawaai fan de earste iepen dei fan de fleanbasis wie it freedtejûn yn hiel Fryslân wer stil op strjitte. Oranje spile de twadde wedstriid fan it WK en dus sieten in soad minsken thús of yn de kroech TV te sjen.
Foar de pasjinten fan it MCL yn Ljouwert siet in besite oan de kroech der net yn. Goed 40 pasjinten sochten inoar op yn it auditoarium fan it sikehûs. Frijwilligers sieten klear mei kofje en oranje koeke.