Undersyk nei Flyers

17 jun 2006 - 12:20

Der komt in ûndersyk nei de rol fan it eardere bestjoer fan iishockeyclub de Vadeko Flyers. Neffens kurator Brink hat de iishockeyclub in skuld fan rûchwei trije ton. Fan 40.000 euro is net dúdlik wêr't it bleaun is. Tongersdei waard Vadeko Flyers fallyt ferklearre. Grutste skuldeaskers binne de fiskus en de gemeente.

It nije bestoer fan de Vadeko Flyers wurket yntusken oan in trochstart fan de Flyers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)