65.000 besikers earste iepen dei

17 jun 2006 - 12:13
Foto: Omrop Fryslân

De earste dei fan 'e Fleanbasis Ljouwert luts mei 65.000 besikers wat minder minsken as de organisaasje ferwachte. It tal besikers foel nei alle gedachten wat ôf fanwege it grize waar en fanwege de fuotbalwedstriid Nederlân-Ivoorkust fan freedtejûn.

Likegoed wiene der freedtejûn fileproblemen, benammen op de dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp. Op sneon wurde der sa'n 125.000 minsken ferwachte op de fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)