Bedriuweterreinen kreas hâlde

17 jun 2006 - 12:08

De provinsje en de keamer fan keaphannel wolle mei in nij platfoarm foarkomme dat de bedriuweterreinen yn Fryslân opnij fersmoargje en fertutearzje. In pear grutte terreinen binne krekt opknapt, mar as bedriuwen en gemeenten net better gearwurkje, stean de bedriuwen der oer 10 of 15 jier wer like min foar.

It nije platfoarm moat ek helpe om kontrakten ôf te sluten foar telefoan, enerzjy en it opheljen fan ôffal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)