Iepen dagen fleanbasis Ljouwert
Goed 200.000 minsken bringe freed en sneon in besite oan de iepen dagen fan de fleanbasis Ljouwert. Se kinne ûnder oare sjen nei fleanshows fan Amerikaanske, Switserske en sels Jordaanske piloaten.
Mar ek op de grûn is der genôch te belibjen. Sa binne der ynformaasjestands, mar ek de fleantugen en helikopters sels binne fan tichtby te besjen.