Tekoart Dongeradiel falt ta

© Omrop Fryslân
De finansjele problemen yn de gemeente Dongeradiel lykje bot ta te fallen. Ferline moanne sei de gemeente noch dat der rekken holden waard mei in tekoart fan 1 miljoen euro yn it jier. De gemeente hie besunigingsmaatregels op it programma setten.
Dizze wike is der lykwols nije ynformaasje kaam út Den Haach. It tekoart liket no ynienen folle minder grut. De kommende jierren giet it om sawat 300.000 euro.