Frou stelt 150 biblioteekboeken

© Omrop Fryslân
De plysje fan De Gordyk hat in 49-jierrige ynwenster fan Drachten oanholden foar it stellen fan in soad boeken út de biblioteken fan de gemeentes Opsterlân en Smellingerlân. In meiwurkster fan de biblioteek op De Gordyk seach dat de frou in tal boeken meinaam sûnder dizze ôf te stimpeljen.
De frou waard dêrop oansprutsen en dêrnei oerbrocht nei it plysjeburo. De plysje trof yn it hûs fan de frou goed 150 biblioteekboeken oan.