Tsjûgen socht ûngelok De Jouwer

16 jun 2006 - 12:09

De plysje is op syk nei de feroarsaker fan in ûngelok, tongersdei op De Jouwer. Op it ferkearsplein waard in 23-jierrige autobestjoerder fan achteren oanriden troch in frachtauto. De sjauffeur dêrfan ried nei de botsing troch.

De plysje wol graach dat de sjauffeur him meldt. Minsken dy't it ûngelok sjoen ha, wurdt ek frege om har te melden. De frou rekke ferwûne oan de nekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)