Warten wol nij MFC

16 jun 2006 - 10:28
Foto: Omrop Fryslân

Yn Warten moat in nij multifunksjoniel sintrum komme, mei in gymnastykseal, in kantine, fergaderromten en klaaikeamers foar de sport. Dêr kinne ferienings te plak dy't dakleas reitsje omdat it kafee tichtgiet.

It sintrum kin it bêste op it sportterrein komme, oan de oare kant fan de rûnwei, stiet yn in rapport dat in kommisje yn it doarp sels makke hat. De plannen kostje oardel miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)