Hynstesykte droes ûnder kontrôle

16 jun 2006 - 09:40

De útbraak fan de besmetlike hynstesykte droes yn Drachten is ûnder kontrôle. Der binne gjin nije gefallen fan de sykte mear konstatearre by fokkerij Parklane Farm yn Drachten. It bedriuw sit noch wol hieltyd op slot.

Ek de buorman, it Frysk Hynstestamboek yn it Kongressintrum, sit noch op slot. De lêste útslaggen fan de tests wurde nije wike ferwachte. As dy ek útwize dat de sykte him net útwreide hat, kinne de doarren wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)