Bern thúshâlde fanwege fleanshow

© Omrop Fryslân
Guon âlden út Koarnjum en Jelsum wolle net dat harren bern freedtemiddei meidogge oan bernespultsjes op it doarpsfeest. Se binne benaud foar delstoartende fleantugen. Freed en sneon binne de iepen dagen fan de fleanbasis.
Guon âlden hawwe oanjûn safolle bern op in klútsje dy dei te gefaarlik te finen. Yn oerlis is besletten de ferantwurdheid om de bern al of net thús te hâlden by de âlden te litten.