Kattemepper yn Gerkeskleaster

© Omrop Fryslân
Yn Gerkeskleaster is mooglik in kattemepper aktyf. Ferline moanne binne koart nei inoar twa katten ferdwûn yn de omkriten fan De Gauw en de Molenstrjitte. It giet om katten mei lang hier en in moaie tekening.
De ferdwining is fertocht, want yn 2005 binne yn deselde tiid ek al acht katten yn deselde buert ferdwûn. De dupearre famyljes ha yn de buert ûndersyk dien om de dieder te finen, mar dat is oant no ta noch net slagge.