Greunsbrêge wer iepen

15 jun 2006 - 13:20

De Greunsbrêge by finzenis de Marwei yn Ljouwert woe tongersdeitemoarn even net mear ticht. Dat kaam omdat de brêgewipper in needstop útfiere moast, omdat nei in frachtskip ek noch in plezierboatsje ûnder de brêge troch woe.

De brêgewipper moast doe op de needstop drukke. It gefolch wie dat de brêge net mear ticht woe en dat der opstoppings ûntstiene foar de brêge. It probleem is wer oplost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)