Soargen oer lette hiertaslach

© Omrop Fryslân
It CDA yn Ljouwert makket him soargen oer de minsken dy't yn finansjele problemen reitsje trochdat de hiertaslach te let útkeard wurdt. De belestingtsjinst hat in achterstân yn de útkearing fan dy hiertaslach.
It CDA Ljouwert wol dat wethâlder Florijn aksje ûndernimt om minsken te helpen. Mooglik kinne wenningboukorporaasjes de hierder wat temjitte komme troch se in foarskot op de hiertaslach te jaan.