Himpkwekerij Hearrenfean oprôle

15 jun 2006 - 11:46

Op It Hearrenfean is woansdeitemoarn in grutte profesjonele himpkwekerij opdoekt. Dy siet yn in bedriuwsgebou oan de Yndustrywei. Dêr trof de plysje 12.000 weedplanten oan. De kweekapparatuer en de planten binne yn beslach nommen.

De ûntmanteling begûn woansdeitemoarn. Meiwurkers fan Omrin en Nuon hawwe oant 23.00 oere oan de gong west mei it oprêden fan de kwekerij. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)