Boksum: wer sarkofaach fûn

15 jun 2006 - 09:39
Foto: Omrop Fryslân

Der is woansdei wer in sarkofaach fûn op it tsjerkhôf fan Boksum. It is de tredde sarkofaach dy't op dat plak fûn is en it is bekend dat er ek noch in deadskiste is dy't boud is mei stiennen en dêr't it deksel fan in sarkofaach op leit.

De fynst fan in sarkofaach in pear moanne lyn wie reden om argeologysk ûndersyk te dwaan yn Boksum. Dat der yn Boksum op syn minst trije binne, is neffens de ûndersikers unyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)