Sinnetreintsje Ljouwert-Aqua Zoo

14 jun 2006 - 23:17

Der sil mei yngong fan takom jier in miljeufreonlike trein ride tusken it sintrum fan Ljouwert en bistetún Aqua Zoo tusken Ljouwert en Tytsjerk. De saneamde Solar Road Trein kin gewoan op de dyk ride. De trein kin ride mei behulp fan sinne-enerzjy. Toeristen of oare besikers fan Aqua Zoo betelje twa oant trije euro foar in inkele reis.

De totale kosten lizze op 175.000 euro. De provinsje hat al 35.000 euro tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)