Kamera's yn Littenseradiel?

14 jun 2006 - 22:54

De gemeente Littenseradiel is begûn mei kameratafersjoch. Alteast, sa liket it. By twa parkearplakken yn it bûtengebiet binne buorden delset, dêr't op stiet dat der kamerabewaking is. It giet om it carpoolplak by Winsum en in parkearplak yn de buert fan Easterlittens, om't dêr faak yllegaal ôffal dumpt wurdt.

Dochs steane der gjin ekstra kamera's, dat giet de gemeente te fier. De plysje sil wol faker kontrolearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)