Massale foarlêzing 'Heeren'

© Omrop Fryslân
De Heeren van het Veen is moandei ta libben kaam yn it Posthûsteater op It Hearrenfean. It spektakelstik wurdt yn july opfierd by de offisjele iepening fan Sportstêd Hearrenfean. Moandei wie de earste kear dat alle spilers meiinoar it stik trochliezen mei muzyk en 200 taskôgers.
Haadrolspilers Karin Bloemen en Peter Tuinman namen de teksten troch. Peter Sybenga liet de lieten hearre en Jos Thie joech syn earste rezjyoanwizings.